Yildirum nei Turkske club

Yildirim: noch yn it Hearrenfeanshirt (argyf)
Yildirim ferruilet SC Hearrenfean foar it Turkske Gaziantepspor. Hy woe ferline jier al fuort nei in konflikt mei trainer Gertjan Verbeek. No kiest er foar in Turkse ploech om sa foar it Turkse nasjonale team út te kommen.
Earder spile Yildirim ien kear foar it Nederlânske team. Omdat dat in oefenwedstriid wie, mei er dochs noch foar de Turken útkomme. Gaziantepspor stiet op plak alve. Yidirim hat dêr in kontrakt foar trije jier tekene.