Kaartferkeap Spangea falt ôf

23 jul 2007 - 16:33

It giet net goed mei de kaartferkeap fan Opera Spangea. Oare jierren kaam de kaartferkeap ek let op gong, mar net earder waard der yn it foar sa'n bytsje ferkocht. Dit jier fiere se in opera op en dêrnei is in ferfilming te sjen fan it ferhaal fan Samson en Delilah.

Foar alle foarstellings binne noch kaarten beskikber. Yn totaal giet it om 2000 kaarten, dat is mear as de helte. De premiêre is 25 july.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)