Snits wint op de Feanhoop

23 jul 2007 - 16:17

Snits hat de wedstriid op it wetter by de Feanhoop moandei wûn. De Sneker Pan fan Douwe Visser hat it grutste part fan de wedstriid op kop lein. As twad kaam Hearrenfean oer de streek en treds waard it skûtsje fan Earnewâld. Om dat twadde en tredde plak is flink striden.

Der wie in protest fan Boalsert tsjin Earnewâld. Dat wûn Earnewâld. De Súdwesthoeke protestearre tsjin Boalsert. Dat hat Boalsert ferlern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)