Untslaggen driigje Friese Land

Friese Land moat mooglik personeel fuortstjoere
Der driigje opnij ûntslaggen by Het Friese Land. De thússoarchorganisaasje mei de húshaldlike help yn acht gemeenten yn Noardwest-Fryslân net mear dwaan. It bedriuw is wer bûten de boat fallen by de oanbesteging fan de húshâldlike help. Earder gebeurde dat ek, mar doe besleaten de 8 gemeenten dat de oanbesteging oer moast.
De soarch sil no mei yngong fan 2008 dien wurde troch Palet, Noorderbreedte en Interzorg.