Snelheid by Gytsjerk oanpast

© Omrop Fryslân
Net hurder as 60 kilometer meie je tenei ride yn it lanlik gebiet tusken Gytsjerk, Oentsjerk en Mûnein. De gemeente hat de snelheid oanpast om de lûdshinder binnen de noarmen te hâlden.
It hat ek konsekwinsjes foar it bestimmingsplan Kaetsjemuoiwei. As de snelheid tachtich kilometer bliuwe soe, kinne der twa huzen út dat plan net boud wurde.