McDonald's Lemmer oerfallen

23 jul 2007 - 11:12

De fytsen fan de oerfallers fan de Lemster McDonald's binne yn de buert weromfûn. De plysje tinkt dat de twa mannen yn in auto oerstapt binne om út te naaien mei de tûzenen euro's dy't se bútmakke hiene.

Twa manlju mei bivakmûtsen kamen sneintejûn it restaurant yn en twongen de bedriuwslieder mei in fjoerwapen de klús te iepenjen. De plysje is dwaande mei it ûndersyk. Tsjûgen kinne belje mei de plysje op 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)