Schievink kening mei nij PR

By it fierljeppen sneon yn Burgum gie de keningstitel nei Henk Schievink fan Burgum. Hy ljepte in nij persoanlik rekord fan 19,09 meter. Dêrmei bleau er Ysbrand Galama tolve sintimeter foar.
Keninginne waard Anna Jet Leyenaar fan Snits. Sy ferbettere har persoanlik rekord mei hast in meter nei 14,66 meter. Prins waard Alwin Fonk fan Burgum. Hy ljepte 16,77 meter.