Drachtster rydt te hurd
In 21-jierrige ynwenner fan Drachten is snein syn rydbewiis kwyt rekke om't er fierstente hurd oer de Noarderhegewei yn it doarp ried.
Dêr meie je 80 kilometer yn de oere ride, mar de man ried de plysjekontrôle foarby mei 141 kilometer yn de oere op 'e teller. Hy ried dus al mei al goed 60 kilometer te hurd.