Skûtsje-ûngelok: foarse skea

© Omrop Fryslân
It skûtsje dat sneon yn in fargeul flak foar Skylge omslein is, is sneintemoarn betiid burgen, it leit no yn de haven fan West-Skylge. It ûngelok hat foar mear as 10.000 euro oan skea soarge.
It is noch hieltiten ûndúdlik hoe't it skûtsje omslaan koe. By it ûngelok is ien persoan licht ferwûne rekke, de rest fan de 15 minsken is bot skrokken. De groep hie it skûtsje hierd bij Sieperda.