De Heale Moanne wint yn Grou

21 jul 2007 - 16:29

It skûtsje De Heale Moanne fan Drachten hat de earste wedstriid fan de SKS by Grou wûn. De Heale Moanne lei hast de folsleine wedstryd op kop. Debutearjend skipper Jitze Mink naam it helmhout oer fan Jitze Grondsma dy't okkerdeis ferstoar.

De Lemmer kaam as twadde oer de finishstreek, dêrnei kaam it skûtsje fan Hearrenfean. De Súdwesthoeke hat it wetter ferlitten nei in protest fan Huzum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)