Skûtsje omslein by Skylge

21 jul 2007 - 13:04

Yn fargeul de Slenk flak foar Skylge is sneontemoarn in skûtsje omslein. Dêrby rekken fyftjin minsken yn it wetter. Rêdingsboaten koenen alle minsken opfiskje. Ien persoan hie in finger brutsen. De oaren binne opfong yn it boathús fan de KNRM op Skylge.

Mooglik hat it skûtsje troch de hurde wyn te skean fearn en wetter makke. It skip leit op 'e kop midden oan de sydkant fan de fargeul. Der wurdt sjoen hoe't it skip burgen wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)