Miny-stockcarrace yn Sint Anne

© Omrop Fryslân
Yn Sint Anne is in speedwaybaan foar miny-stockcars. De baan is 21 meter lang. It riden mei op ôfstân bestjoerbere auto's wurdt hieltyd populêrder. De feriening groeit hurd en hie ferlet fan in eigen baan. Yn septimber is it WK stockcarracen.
Der wurdt ek hurd wurke om it Europeesk Kampioenskip stockcarracen nei Sint Anne te heljen. Dat soe takom jier hâlden wurde moatte. It wachtsjen is op de fergunning.