Keatsers twa wedstriden skorst

© Omrop Fryslân
De acht keatsers dy't op de frije formaasje partij yn Boalsert op 7 july net fierder keatse woene binne foar twa wedstriden skorst. It giet om de frije formaasjepartijen fan Harns en Wytmarsum,
De keatsers woenen net fierder keatse omdat it wiete fjild yn Boalsert te gefaarlik wêze soe. De Boaslerter keatsferiening ferbea de keatsers te spyljen op fuotbalskuon.De keatsers gean yn berop.