Utgeansgeweld tsjin plysjes

25 mrt 2012 - 16:38

De plysje hat yn 'e nacht fan sneon op snein njoggen stappers oppakt fanwege útgeansgeweld. It rûn neffens de plysje út de hân yn de Alde Doelesteech en de Prins Hendrikstrjitte. Op beide plakken moast de plysje foars yngripe om de oarder wer werom te krijen. Ferskate plysjeminsken waarden hjirby slein, skopt en misledige.

Yn de Doelesteech ûntstie it trelit doe't in Ljouwerter (53) in portier bedrige. De man waard oanhâlden, mar omstanners kearden har dêrby tsjin de plysje. De plysje hat doe de Doelesteech skjinfage.

Ferskate minsken waarden oanhâlden. Njonken de soan (18) en dochter (22) fan de earste man, waarden hjirby noch twa Ljouwerters fan 18 en 19 jier oppakt omdat se de plysjeminsken en portiers bedrigen, misledigen en oanfoelen. Alle fertochten waarden oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk. De 53-jierrige fertochte wie yn it besit fan in mes. De plysje hat dat yn beslach nommen.

Yn de Prins Hendrikstrjitte moast de plysje yngripe by in fjochtpartij yn in hoarekasaak. Dy fjochtpartij gie fierder op strjitte. Doe't de plysje yngripe woe kearde in groep fan 40 minsken harren tsjin de plysje, wêrby't plysjeminsken slein, skopt en misledige waarden. De plysje moast doe in liny foarmje en de wapenstok brûke om de strjitte leech te krijen. Yn de Prins Hendrikstrjitte waarden fjouwer manlju oanhâlden en ynsletten foar neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)