Susters skriuwe boek oer mem

20 jul 2007 - 16:10

In nij printeboekje foar de âlderein moat minsken mei Alzheimer helpe wat by de tiid te bliuwen. It boekje, Tine's lenteboek, is makke troch Frouke en Andrea Oostijen foar har mem Tine yn in fersoargingshûs yn Snits.

Har mem is yntusken ferstoarn, mar de froulju hawwe it boekje dochs ôfmakke om't ek oare minsken der wat oan hawwe kinne. Yn it boekje steane ferhalen en tekeningen út de jeugd fan mem Tine yn Boksum. It is fia ynternet te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)