Dirk Reijenga jongste skipper

Dirk Jan Reijenga fan de Oeral Thús
By de earste wedstriid fan it SKS- skûtsjesilen by Grou komme sneon fjouwer nije skippers oan de start. De jongste fan it stel is Dirk Jan Reijenga. Noch mar 30 jier en dan al skipper fan it Jouster skûtsje, de Oeral Thús. As opfolger fan de hommels ferstoarne Jitze Grondsma.
Reijenga hie mar goed oardel moanne de tiid om it skûtsje te trimmen. Hy tinkt dan ek net mei te dwaan om de titel.