Tal toeristen yn Fryslân gelyk

20 jul 2007 - 13:17

Der komme dizze wiken like folle toeristen nei Fryslân as ferline jier om dizze tiid. Dat konkludearret Fryslân Marketing nei in belrûntsje ûnder rekreaasje-ûndernimmers en attraksjes. Opfallend is dat in soad minsken pas let de fakânsje fêstlizze.

Iepen sylboaten en oare saken yn de iepen loft skoare dit jier minder. Fakânsjehûskes en luxe jachten dogge it dizze simmer wól goed, dat jildt ek foar binnendoar-attraksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)