Boeren freegje mear guozzejild

Fergoeding foar guozzeskea te min
De provinsje, LTO Noord en de agraryske natuerferiening Boer en Natuur binne ûntefreden oer in nije regeling foar it gedogen fan guozzen. Boeren yn Fryslân dy't op har lân de fûgels opfange krije der yn har eagen in te lege skeafergoeding foar.
Foar de ein fan dizze moanne soene de boeren yntekenje moatte foar de nije regeling. Mar guon wolle mear tiid om ta in goeie regeling te kommen.