Himmelumer falt fan ljedder

20 jul 2007 - 11:16
Foto: Omrop Fryslân

In 28-jierige ynwenner fan Himmelum is tongersdei yn in bedriuw op 'e Lemmer fan in 6 meter lange ljedder fallen. De man is mei in ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean oerbrocht.

By de helpferliening waard ek in traumahelikopter ynset. De arbeidsynspeksje is op de hichte brocht. De oarsaak fan it ûngemak is ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)