Bagwatch en handoek op strân

© Omrop Fryslân
Mei in bewakingstsjinst en in handoek mei sânmotyf besykje de twa grutte ferserkerders Interpolis en FBTO dit jier stellerij op it strân foar te kommen. Neffens harren is it in grut probleem, wat in soad skea opsmyt.
Interpolis giet mei in Bagwatch op paad, in groepke minsken dat fergees op jo guod passe wol as jo it wetter yn geane. FBTO hat in spesjale handoek makke dêr't in stikje strân op ôfdrukt is, dy't jo guod kamûflearret.