Probleem mei lûdsûntfangst

© Omrop Fryslân
It lûd by de televyzjeprogramma's fan Omrop Fryslân wurdt net by alle minsken thús goed ûntfongen. Sûnt tongersdeitemiddei krijt de Omrop der in soad telefoantsjes oer.
Spitigernôch kin de Omrop der neat oan dwaan en leit it probleem nei alle gedachten by de kabelmaatskippij @Home fan Essent. It hat gjin sin om deroer te beljen. Hooplik wurdt it sa gau mooglik oplost.