Arend Glas mooglik bûnscoach

19 jul 2007 - 17:43
Arend Glas

Bobslydsker Arend Glas wurdt mooglik bûnscoach fan it Frânske bobslydteam. Hy hat al fiergeande gesprekken hân, mar de hantekens moatte noch wol set wurde.

At dat gebeurt, komt dêrmei in ein oan syn plan om sels wer yn de bobslide yn aksje te kommen. Hy wie dêr mei ophâlden nei de Winterspelen yn Turijn, mar woe wer meidwaan yn 2010 yn Kanada.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)