Ulbe Hannema ferstoarn

19 jul 2007 - 16:40

De eardere foarsitter fan de PC, Ulbe Hannema, is ferstoarn. Dat hat it keatsbûn tongersdei bekend makke. Hannema ferstoar moandei yn syn wenplak Gulpen. Hy is 84 jier wurden.

Hannema wie tweintich jier foarsitter fan de PC, fan 1973 oant 1993. Ek wie er rektor fan it Drachtster Lyceum. Hannema wie Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hannema is yn famyljerûnte kremeard. Hy kaam de lêste jierren al net mear nei de PC, omdat syn eagen dêrfoar te min wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)