Fytser foarrang op rotonde

De rotondes yn Ljouwert wurde oanpast
Fytsers krije foarrang op in tsiental rotondes yn Ljouwert. Tongersdei is begûn mei it ombouwen fan de rotondes. Dermei slút de haadstêd oan oan by in lanlike trend om binnen de beboude kom fytsers foarrang te jaan. De fytspaden krije in reade kleur en tagelyk wurdt foar de rotonde in sebrapaad oanlein.
De tsien rotondes moatte 30 july klear wêze. Nochris seis oare rotondes wurde letter dit jier dien.