Ferlet fan foarljochting seks

© Omrop Fryslân
Skoallen ha ferlet fan foarljochting oer seksualiteit en seksueel geweld. Dat docht bliken út sifers fan Fier Fryslân. Dy organisaasje biedt dy foarljochting oan. Leararen fine it dreech om sels mei de bern te praten oer seksueel geweld. Se hiere leaver ien yn om dat te dwaan.
Fier Fryslân hat it ôfrûne healjier trije kear sa faak foarljochting jûn as yn deselde perioade ferline jier.