Kok De Grië nei konkurrint

© Omrop Fryslân
It restaurant De Grië op Skylge rekket syn kok kwyt. Ton van Scheppingen giet fan septimber ôf nei konkurrint Hotel Skylge. Reden dêrfoar is in ferskil fan miening oer it belied fan de ynterim-direksje.
De Grië hat no ien Michelin-stjêr. Dy reitsje se mooglik kwyt. Dat is neffens de kok faak sa at de sjef nei in oar plak giet. In part fan it personiel fan De Grië giet mei Van Scheppingen mei nei Hotel Skylge.