Hegere winst foar Sligro

19 jul 2007 - 10:18

Sligro hat yn de earste seis moannen fan dit jier 25,6 miljoen nettowinst makke. Dat wie mear as analisten ferwachten. De gruthannel hat ûnder oare in festiging yn Drachten.

De omset gie mei santjin prosint omheech nei 960 miljoen euro. De ombou fan de Edah-winkels hat bydroegen oan de hegere omset. It supermerkkonsern wol foar de twadde helte dit jier noch tritich winkels iepenje. Dat binne net inkeld Edah-winkels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)