TBC by frou (90) út Harns

Wer TBC-besmetting yn Harns
By in frou fan 90 jier út Harns is de besmetlike foarm fan TBC konstatearre. Se is mei medisinen behannele. De GGD Fryslân is ûnderwilens dwaande mei in ûndersyk ûnder minsken yn de omjouwing fan de frou. Oant no ta binne dêr gjin besmettingen fûn.
Neffens de GGD bestiet der gjin relaasje mei eardere TBC-gefallen yn Harns. Yn goed oardel jier stuts de sykte fiif kear de kop op yn Harns.