Verbeek hat spul mei Bossen

18 jul 2007 - 22:53
Verbeek gong alris earder yn konklaaf mei de skiedsrjochter. Hjir mei skiedsrjochter Temmink

Hearrenfeantrainer Gertjan_Verbeek hie woansdeitejûn spul mei skiedsrjochter Ruud Bossen. Yn in oefenwedstriid tsjin Sheffield Wednesday waard krekt foar rêst in Ingelsmân fan it fjild stjoerd. Verbeek woe mei alve tsjin alve trochspylje, mar Bossen liet dat net ta. Verbeek helle doe ek in spiler fan it fjild ôf.

Hearrenfean kaam mei 2-0 efter. Troch twa goals fan Lasse_Nilsson yn 'e twadde helte waard it 2-2.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)