Thewis Hobma wint yn Drylts

18 jul 2007 - 22:52

Fierljepper Thewis_Hobma fan Easthim hat syn twadde deititel yn syn karriêre helle. Yn Drylts wie hy de bêste mei in sprong fan 18.49 meter. Henk Schievink waard twadde mei 18.32 meter. Bart_Helmholt einige as tredde mei 18.23 meter. Hannes_Scherjon en Oane_Galama hellen de finale net.

Anna_Jet_Leyenaar wûn by de froulju. Alwin_Fonk wie wer ris de bêste by de jonges. Sjouke Koen pakte de titel by de junioaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)