Sjoke v.d. Veen 1e yn M'gea

© Omrop Fryslân
Sjoke van der Veen, Hermanna Miedema en Leonie van der Graaf wûnen woansdei ferrassend de frije formaasjepartij yn Minnertsgea. Yn de finale waard it favorite partoer fan Géjanna Dijkstra, Gérieke de Groot en Afke Hylkema mei 5-5 en 6-4 oan de kant set.
It wie de earste haadklasse oerwinning foar it trio Van der Veen yn dit seizoen. De tredde priis wie foar Marie Heida, Debora Oosterman en Maaike Wind.