Stroomsteuring yn Ljouwert

18 jul 2007 - 11:36

Sa'n tûzen húshâldings yn de Ljouwerter wyk Achter de Hoven sieten woansdeitemoarn in lyts oere sûnder stroom. De kabel waard krekt nei healwei tsienen rekke troch in graafmasine dy't yn 'e wyk oan it wurk is.

Netbehearder Essent is fuort op 'e hichte steld en hat de stroom oerskeakele op in reservekabel. Om 10.20 oere hie elkenien wer stroom. De skansearre kabel wurdt no reparearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)