Toskedoktersprobleem oplost

18 jul 2007 - 10:50

Foar it tekoart oan toskedokters op Skylge is in definitive oplossing . By de praktyk fan toskedokter Van der Meiden yn Midslân wurdt in ekstra gebou delset. Dêrneist komt der in ekstra previnsje-assistinte om Van der Meiden by te stean. Op langere termyn komt der in groepspraktyk op it eilân.

Skylge hat twa toskedokters mar dy kinne foaral simmers it wurk net mear oan. Toskedokters, gemeente en soarch- fersekerder ha no in oplossing socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)