Stellerij boaten oplost

18 jul 2007 - 10:31

Mei de oanhâlding fan twa Ljouwerters hat de plysje in tal stellerijen fan boaten yn Noardeast-Fryslân oplost. De twa ha tusken maaie en july yn û.o. Kollum, Grou en Lauwerseach in 10-tal boaten stellen. Fierder ha se ek ynbrutsen yn boaten en saken fernield.

De plysje kaam de twa op it spoar doe't de eigner fan ien fan de boaten syn boat yn in jachthaven yn Ljouwert lizzen seach. Ien fan de dieven siet achter it stjoer fan de boat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)