Fytser-mei-eardopkes oanriden

17 jul 2007 - 15:38

By in oanriding op de Suderhegewei yn Drachten binne moandei twa jongemanlju ferwûne rekke. In 21-jierrige fytser sloech linksôf om in stripe grien by De Himmen oer te stekken, krekt op it stuit dat in brommerrider (23) him ynhelle.

De fytser hat de brommer nei alle gedachten net goed heard, omdat er eardopkes fan in I-pod yn hie. Beide jonges binne mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)