Oprêden skea troch wynhoas

17 jul 2007 - 14:10

Gemeentewurkers fan Opsterlân binne noch wol in wike dwaande mei it oprêden fan de skea troch de wynhoas. Dy soarge moandei op in strook fan hûndert meter breed tusken Wynjewâld en Bakkefean foar omwaaide beammen en ôfknape tûken. Dêrby sitte ek monumintale beammen.

It giet om in wynhoas omdat de beammen op in hichte fan 4 meter ôfknakt binne. Der wie ek wetteroerlêst, ûnder oare op De Gordyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)