Deade man yn wetter Ljouwert

17 jul 2007 - 10:56
It lichem fan 'e man wurdt burgen

De deade dy't tiisdeitemoarn yn it wetter fan de Noardersingel yn Ljouwert oantroffen waard, is in man. Om wa't it giet en wat de deadsoersaak is, is noch net bekend. Dêrnei wurdt noch fierder ûndersyk dien.

In meiwurkster fan it pontsje nei de Prinsetún seach it slachtoffer ûnder de steiger driuwen. De man is nei in mortuarium brocht. Dêr wurdt de deadsoarsaak ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)