Wynhoas rjochtet soad skea oan

Campinggasten by Bakkefean binne oan in ramp ûntsnapt doe't troch in wynhoas der beammen op harren tinten en caravans waaiden. Tusken Wynjewâld en Bakkefean rjochte de wynhoas in soad skea oan. Der rekken tûken en dakpannen los en der is skea oan dakken en parkearde auto's.
De brânwacht meldt dat de beammen heger ôfknakt binne as normaal en dat dat op in wynhoas wiist. De wynhoas is oer in strook fan 100 meter lutsen.