Snits oerklast Longa '30: 6-0

25 mrt 2012 - 16:14

Snits Wyt Swart hat sneintemiddei mei grutte sifers wûn fan Longa '30. Op eigen fjild waard it mar leafst 6-0. Nei in healoere spyljen sette Ramon Giro Batalla de thúsploech op foarsprong. Krekt foar it skoft soarge in doelpunt fan Kevin Huitema de Snitsers op in feilige 2-0 rêststân.

Yn de twadde helte kaam de Snitser doelpuntemasjine echt op gong, mei doelpunten fan Cees Smaal, Robin Huisman de Jong en opnij Giro Batalla. Ynfaller Patrick Altenburg tekene yn de slotfaze foar de einstân.

Troch de winst hâlde de Snitsers oansluting mei de koprinner Be Quick 1887. Snits Wyt Swart stiet no op it tredde plak mei 34 punten út 18 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)