Musea sille gearwurkje

© Omrop Fryslân
23 musea yn Noard-East Fryslân sille fiergeand gearwurkje. Mei de Stichting 'Markant Friesland' wolle se folders en in website ûntwikkelje. Mooglik sille se ek frijwilligers útwikselje en meiïnoar in depot diele. Sa wolle de musea mear besikers lûke.
De musea binne no te lyts om al dy saken goed oan te pakken, in grut tal draait benammen op frijwilligers. De gearwurking moat nei de simmer al úteinsette.