Oanpaste reizen wurde djoerder

© Omrop Fryslân
Handikaptereizen mei minibuskes wurde sa goed ûnmooglik makke. Frijwilligers meie de buskes net langer bestjoere. Dêrfoar moatte profesjonele sjauffeurs ynset wurde. Dêrtroch wurde de reizen minstens de helte djoerder. Om de feiligens fan it persoaneferfier te ferbetterjen skriuwt de wet foar dat in sjauffeur alle diploma's hawwe moat. De branzjeferiening foar oanpaste reizen hat it probleem al foarlein oan de Twadde Keamer.