Posityf oer nij soarchsysteem

16 jul 2007 - 15:14

De Fryske soarchynstellings Talant en Moerborch binne bliid mei de nije manier fan finansiering yn de âlderen- en beheindesoarch. Yn it nije systeem, dat it kommend jier yngiet, is der net mear in fêst bedrach per klant, mar wurdt der by elkenien apart besjoen wat krekt oan soarch nedich is.

Der wurdt al hast tritich jier om sa'n systeem frege. It totaalbedrach dat foar de soarch beskikber is bliuwt gelyk, it wurdt allinne oars ferdield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)