Warkumers klear foar IFKS

16 jul 2007 - 15:05

De Warkumer sylferiening seit klear te wêzen foar it IFKS-skûtsjesilen. Sy moasten in pear wike lyn ûnferwachts de organisaasje oernimme. Want de kommisje dy't dat oars die, heakke ôf troch twaspjalt mei it bestjoer.

Foar de Warkumers is it skûtsjesilen wat nijs, mar ûnderfining mei wedstriden is der genôch. It wie noch in hiele toer om op koarte termyn genôch frijwilligers en in wedstrydlieder te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)