Jild moat wurk stimulearje

© Omrop Fryslân
Trije gemeenten yn Fryslân dogge mei oan in proef mei allinnichsteande âlders yn de bystân. Dy âlders krije der 100 euro per moanne by om neist de soarch foar har bern ek oan it wurk te gean. It kabinet wol mei de proef útfine oft ekstra jild stimuleard om oan it wurk te gean.
De proef wurdt hâlden yn fyftjin gemeenten yn Nederlân. Yn Fryslân binne dat Ljouwert, Weststellingwerf en Eaststellingwerf.