Man besiket fergees te drinken

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintejûn op de Weaze yn Ljouwert in ynwenner fan Minnertsgea (39) oanhâlden. De man hie by in kafee oan de Stationswei in pear drankjes dronken, mar koe net betelje. De eigner fan de kroech wie dêrom mei him meirûn nei in pinautomaat. Healwei naaide de man lykwols út.
De eigner besocht de man noch tsjin te hâlden, mar waard by de kiel grypt en bedrige. De plysje koe de man letter achterhelje.