Somaliërs bestellen

© Omrop Fryslân
Twa Somalyske mannen fan 21 en 24 jier binne sneon yn Appelskea bestellen. Se fytsten jûns oer de Venekoterwei. In reade auto mei in man en twa froulju rieden it fytspaad op en stoppen.
De bestjoerder smiet in bierblikje nei de mannen en begûn mei in skeppe te swaaien. Under driging moasten se fan de man har MP3-spiler, in mobile tillefoan en in fyts ôfjaan. Dêrnei krige de 24 jierrige man noch in pear klappen. De plysje siket de dieders.