Cambuur wint mei 3-0

Marinus Dijkhuizen makke de earste goal
Cambuur Ljouwert spile sneon in dreech oefenpotsje op sportpark de Tille yn Koatstertille. Tsjin it regioteam Koatstertille wûnen de Ljouwerters mei 3-0. Flak foar it skoft kaam Cambuur op in 1-0 foarsprong troch in benutte strafskop fan Marinus Dijkhuizen. Rachid El Khalfi en Jeroen Ketting soargen foar de 2-0 en 3-0.
Woansdei 18 july spilet Cambuur yn Oosterbeek tsjin CSKA Sofia.