Sylkursus as Fryslân-promoasje
Begjinnende silers krigen snein in spesjale sylkursus yn de haven fan Terherne. Ferskate sylboaten mei ynstrukteurs oan board leine klear foar elkenien dy't it silen yn 'e macht krije woe. Dat alles om de sylsport yn Fryslân te promoaten.
Fierder wie der ek noch in demonstraasje fan ferskate nije sylboaten út binnen en bûtenlân.