Jeugdhelp wol mear opfangromte

© Omrop Fryslân
Jeugdhelp Fryslân hat mear romte nedich om jongeren om te fangen. Komt dy romte der net dan rint de druk op de helpferlieners allinnich noch mar fierder op. Omdat de provinsje net genôch jild beskikber stelt kin
Jeugdhelp de grutte fraach net oan. Ekstra pleechgesinnen of ekstra opfangsintra binne hurd nedich. Op dit stuit is der binnen de organisaasje in protte syktefersom, mei ûnder ynfloed fan de saak Savannah.