Maïslabyrint by Reahel
By it Einstein Labyrint fan de aktiviteitepleats yn Reahel wurde tûzenen besikers ferwachte. Yn it maïsfjild fan de Fjouwerhústerpleats is ôfrûne sneon in doalhof iepene dêr't minsken op wei nei de útgong in riedsel oplosse moatte.
It earste doalhof ferline jier wie mei mear as 2000 besikers in grut sukses. It labyrint is oantemei oktober iepen. Dan wurdt it maïs fan it fjild helle.